It paad werom Lyrics & Tabs by Piter Wilkens

It paad werom

guitar chords lyrics

Piter Wilkens

Album : Nocht & WilkensPlayStop

Do bliuwst my noch sa by, doarpke út myn tiid Der is sa'n soad ferdwûn mar dochs bliuwst sa swiet En wat der net lykop mei myn jeugd ferdwynt Der is altyd dy sin dy't my oan dy bynt Ea woe'k hjir sa graach wei mei it fluch ferkear Mar ik bliuw no faker thús, tinkend oan alear Yn dy sit noch beweech en ik stean hast stil It makket neat mear út wêr't ik hinne sil Ik reizgje op en del, de ierde oer Altyd ûnderweis nei it aventoer De eachein wol'k foarby, mar wêr't ik ek kom De ein fan elke reis is it paad werom Ik learde hjir it keatsen, dat is in trêft Ik learde hjir it riden op de Slotsgrêft Ik kriich myn earste tút yn 'Under 'e Sjuut' Myn ferhaal mei dy, myn doarp, is nog lang net út Ik boartsje frij yn't fjild by de grutte feart Ik strún wer fan it Aldlân nei de Sylsleat Ik sjoch myn âlde hut efter it fabryk Myn flot is wer in boat, it reid myn ryk Ik reizgje op en del, de ierde oer Altyd ûnderweis nei it aventoer De eachein wol'k foarby, mar wêr't k ek kom De ein fan elke reis is it paad werom De ein fan elke reis is it paad werom Ik rûn oer hege bergen yn himelsk snie Mar seach dêr net de terp wêr't myn widze stie Ik besocht de grutste stêden fan de wrâld Mar fûn dêr net it doarp dêr't ik fan hâld Ik doarmje mar wat om dyn tsjerketoer En wit al myn gereis, ea is it oer Lis my dan yn dyn grûn as ik safier kom Nei myn âlderlêste reis: it paad werom Want de ein fan elke reis is it paad werom De ein fan elke reis is it paad werom De ein fan elke reis is it paad werom...


Like us on Facebook.....
-> Loading Time :0.0071 sec