It Wetter Waakst Lyrics & Tabs by De Kast

It Wetter Waakst

guitar chords lyrics

De Kast

Album : It Wetter Waakst dutch PlayStop

It wetter waakst, komt hieltyd tichterby
De loft is swart, de drippen falle op my
De ierde jout gjin hâld mear en myn fuotten fyn gjin grûn

Yn dit lân, dêr't ús libben ea begûn
Hjir run ik eartiids mei dy oan myn hân
It hert mocht nea ferlieze fan 't ferstân
It wetter en it fjoer binne as it libben en de dea
Ik wit net mear wat goed is en wat kwea
Myn hert dat raast fan pine djip yn my
Myn leafste leaf do meist net by my wei
Want hoe moat ik fierder mei myn libben sûnder dy
Dyn famke wie ik, dyn eigen fleis en bloed
Do liedest my en alles kaam wol goed
Nimmen koe ús skiede en net ien koe ús wat dwaan
Foar dy myn heit woe ik myn libben jaan

Do liedest my en alles kaam wol goed
Nimmen koe ús skiede en net ien koe ús wat dwaan
Foar dy myn heit woe ik myn libben jaan
Myn hert dat raast fan pine djip yn my
Myn leafste leaf do meist net by my wei
Want hoe moat ik fierder mei myn libben, sûnder dy
Myn hert dat joech it antwurd al oan my
Myn leafste leaf do hoechst net by my wei
Want ik kin net fierder yn in libben sûnder dy
Sûnder dy
Myn hert dat joech it antwurd al oan my
Myn leafste leaf doe hoechst net by my wei
Nee ik kin net libje yn in libben sûnder dy
Sûnder dy

Like us on Facebook.....
-> Loading Time :0.0046 sec